Bolleriden

Bolleriden.

Bolleriden, of yn it Ingelsk bull riding, is in rodeosport wêrby't de dielnimmers op in bolle klimme en besykje om op it bist sitten te bliuwen wylst de bolle har derôf besiket te bokken. Yn 'e Amerikaanske tradysje moat de berider acht folle sekonden op 'e bokkende bolle sitten bliuwe om net diskwalifisearre te wurden. Dêrby hâld er him mei ien hân fêst oan in lang flochten tou dat de bolle om 'e boarstkas hinne sit. De oare hân hâldt de berider omheech, boppe syn holle. Bolleriden is in tige riskante sport, dy't de berider geregeldwei brutsen bonken opleveret en wêrby't net selden deaden falle. It wurdt dêrom wol "de gefaarlikste acht sekonden yn 'e sport" neamd. Behalven yn 'e Feriene Steaten bestiet bolleriden as sport (mei faak justjes ôfwikende regels) ek yn Kanada, Meksiko, Gûatemala, El Salvador, Hondoeras, Nikaragûa, Hondoeras, Kosta Rika, Panama, Brazylje, Argentynje, Austraalje en Nij-Seelân. Yn Nederlân, it Feriene Keninkryk en de measte oare Jeropeeske lannen is bolleriden ferbean.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search