Chordofoanen

Chordofoanen of snaarynstruminten binne muzykynstruminten dy't lûd meitsje kinne troch it triljen litten fan snaren. Ornaris wurdt it lûd fan de triljende snaar stipe troch in klankkast of resonator.

Snaarynstruminten of chordofoanen kinne op basis fan konstruksje fierder yndield wurde: en.

  • luiteftigen Klankkast en hals lizze yn it ferlingde fan inoar; de snaren rinne lykop mei de kast, lykas by in gitaar. It bouprinsipe is dat fan in line (twahoek), dêr't de klankkast ûnder montearre is.
  • harpeftigen Klankkast en hals meitsje in hoeke; de snaren rinne fan de hals nei de klankkast lykas in harp en lier. It bouprinsipe is dat fan in trijehoek, dêr't de klankkast yn yntegrearre is.
  • siters Snaarynstruminten sûnder hals, lykas de piano. It bouprinsipe is dat fan in fjouwerhoek (meastal in trapezium, dêr't de klankkast yn yntegrearre is.

De luiteftigen kinne fierder ûnderferdield wurde oan de hân fan de wize wêrop't de snaren ta triljen brocht wurde.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search