Vulkaneifel

Lânkreis Vulkaneifel
flagge wapen
polityk
soarte gebiet Lânkring
lân Dútslân
bûnslân Rynlân-Palts
haadplak Daun
grutste plak Daun
tal gemeenten 109
kenteken DAU
Kreisschlüssel 07 2 33
sifers
ynwennertal 60.646 (2019)
oerflak 911,02 km²
befolkingstichtens 67 / km²
oar
stifting 1937
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
koördinaten 50°14′ N 6°45′ E
webside www.vulkaneifel.de

De lânkring Vulkaneifel (oant 31 desimber 2006 "lânkring Daun") is in bestjoerlik distrikt yn it noardwesten fan de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De lânkring leit yn de Eifel en is wat ynwenners oanbelanget de lytste lânkring fan de dielsteat en de op trije nei lytste fan Dútslân. De lânkring wurdt fanút Daun bestjoerd, neffens ynwennertal it grutste plak fan de lânkring Vulkaneifel.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search