10 results found for: “Trump_covid-19”.

Request time (Page generated in 0.2915 seconds.)

SARS-CoV-2

SARS-CoV-2, somtiden oantsjutten as it COVID-19-firus en earder bekend as 2019-nCoV, is in firus dat de longsykte COVID-19 by minsken feroarsaket. It firus...

Last Update: 2020-05-12T20:28:18Z Word Count : 448

View Rich Text Page View Plain Text Page

2020

Wrâldwiid binne der no 1,5 miljoen minsken ferstoarn oan COVID-19. 4 - De Amerikaanske presidint Donald Trump kundiget de weromlûking oan fan alle Amerikaanske...

Last Update: 2024-07-16T21:05:38Z Word Count : 5703

View Rich Text Page View Plain Text Page

2021

minsken om. 15 - Wrâldwiid binne der no 2 miljoen minsken ferstoarn oan COVID-19. 15 - Yn Nederlân treedt it Kabinet-Rutte III ôf oer de Taslagge-affêre...

Last Update: 2024-02-15T18:53:51Z Word Count : 6436

View Rich Text Page View Plain Text Page

Amerikaanske presidintsferkiezings (2020)

it COVID-19-firus en de oanpak dêrfan (of, sa't de Demokraten sizze soene, it gebrek oan oanpak) troch it regear fan Donald Trump. Presidint Trump en...

Last Update: 2021-07-19T23:37:50Z Word Count : 4019

View Rich Text Page View Plain Text Page

Saeb Erekat

Palestynske Wetjaande Gearkomste foar it kiesdistrikt Jericho. Erekat stoar oan COVID-19. Erekat waard yn 1955 berne yn Abû Dis, yn it Westjordaanlân, doe't dat...

Last Update: 2021-03-10T20:51:37Z Word Count : 898

View Rich Text Page View Plain Text Page

QAnon

Q-berjochten ferspraten, waarden Qdrops neamd. Tusken maart en juny 2020, yn de COVID-19-pandemy, ferdûbele QAnon syn oanwêzigens op Instagram en Twitter en fertrijedûbele...

Last Update: 2021-04-04T02:29:17Z Word Count : 1648

View Rich Text Page View Plain Text Page

2022

Tokajev helptroepen. 7 - Der hawwe no wrâldwiid 300 miljoen gefallen fan COVID-19 west. 10 - Foar it earst wurdt der mei súkses in bargehert yn in minske...

Last Update: 2024-03-08T16:21:11Z Word Count : 5843

View Rich Text Page View Plain Text Page

2019

stêd Wuhan docht him it earste gefal foar in nije firussykte, dy't letter COVID-19 komme sil te hjitten. Dit is it begjin fan 'e koroanafiruspandemy (2019-2020)...

Last Update: 2024-03-03T15:44:04Z Word Count : 7137

View Rich Text Page View Plain Text Page

Rush Limbaugh

2016 ferlear, om't der yllegale ymmigranten stimd hawwe soene. Mei de Covid-19 pandemy yn de Feriene Steaten oppenearre Limbaugh dat de firus mar in gewoane...

Last Update: 2024-05-19T01:59:48Z Word Count : 3399

View Rich Text Page View Plain Text Page

2023

oername troch JPMorgan Chase. 5 - De Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) beskôget COVID-19 net langer as in wrâldwiid needgefal, mar giet troch mei dernei te ferwizen...

Last Update: 2024-01-07T23:00:33Z Word Count : 5214

View Rich Text Page View Plain Text Page

Main result

SARS-CoV-2

SARS-CoV-2, somtiden oantsjutten as it COVID-19-firus en earder bekend as 2019-nCoV, is in firus dat de longsykte COVID-19 by minsken feroarsaket. It firus waard foar it earst rapporteare op 30 desimber 2019 yn Wuhan, de haadstêd fan 'e Sineeske provinsje Hubei. By it útbrekken yn 2019 en begjin 2020 wiene de earste pasjinten foaral besikers en meiwurkers fan 'e Huanan-fiskmerk yn Wuhan. Fanwegen dit waard al gau oannommen dat it firus in soönotyske oarsprong hat. Dit firus heart ta de famylje fan koroana/coronafirussen. Dizze wurde ta de positive ienstrengige RNA-firussen rekkene en wurde sa neamd fanwege de "kroan" ("corona" is Latyn foar "kroan") om 'e losse firuspartikels. It genoom fan SARS-CoV-2 hat in lingte fan 29.903 nukleotiden en bestiet út ferskate genen dy't kodearje foar de proteïnen wêrút it firus opboud is. Sân fan 'e bekende koroana/coronafirussen binne yn steat minsken te ynfektearjen. De symptomen fariearje fan in ienfâldige kjeld oant earnstiger omstannichheden lykas MERS en SARS. SARS-CoV-2 is op grûn fan de genetyske oerienkomsten as in SARS-relatearre corona/koroanafirus klassifisearre, wat net betsjut dat COVID-19 deselde sykte is as SARS: it gemiddelde ferrin en de kontaminaasjegraad wike ôf. By it ferlykjen fan it genoom fan dit firus mei oare bekende firussen, waard in oerienkomst fan 80% mei SARS-CoV fûn en in oerienkomst fan 96% mei corona/koroanafirussen dy't yn flearmûzen fûn waarden. In rekonstruksje fan 'e filogenetyske stambeam fan it firusgenoom makke it plausibel dat it firus gjin lange skiednis hat yn minsklike gasthearen foardat it yn Wuhan ferskynde. De earste oerdracht oan minsken fûn wierskynlik yn novimber as desimber 2019 plak.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search