Aldingelsk

Aldingelsk
algemien
oare namme(n) Angelsaksysk
taalgebiet Ingelân, súdlik Skotlân
skrift Latynske alfabet, runen
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
        ● Angelsaksysk
          ● Ingelsk
            ● Aldingelsk
dialekten Kentysk, Mersiaansk,
Noardumbrysk, Westsaksysk
skaaimerken
tiidrek 5501066
ûntstien út Noardwestgermaansk
ûntjûn ta Midingelsk
taalkoades
ISO 639-2 ang
ISO 639-3 ang

It Aldingelsk (Ingelsk: Old English; Aldingelsk: Ænglisc) of Angelsaksysk (Ingelsk: Anglo-Saxon) wie it Ingelsk sa't dat yn 'e snuorje tusken om-ende-by 550 en 1066 sprutsen waard yn wat no Ingelân en súdlik Skotlân is. Yn dat tiidrek ûntstie it Ingelsk út 'e Germaanske stamtalen fan 'e mannemacht nei de Britske Eilannen ferfearne Angelen en Saksen. Yn 't earstoan wiene der fjouwer dialekten te ûnderskieden, dy't oerlevere binne fan 'e achtste iuw ôf. Fan dyselde tiid ôf ûndergie it Aldingelsk in sterke ynfloed fan it Aldnoarsk. Mei dêrtroch waard yn it Aldingelsk in ferienfâldiging trochfierd dy't bestie út it ferlies of de ôfswakking fan namfallen en oare grammatikale ferbûgings. It Aldingelske tiidrek einige abrupt mei de Normandyske Ynvaazje fan 1066, dy't beskôge wurdt as it begjin fan 'e Midingelske perioade.

De fersprieding fan 'e Germaanske dialektgroepen oan it begjin fan 'e Westerske jiertelling. Ut it reade gebiet by de Noardseekust lâns, dêr't Ingveoanske dialekten sprutsen waarden, kamen yn 'e fyfde iuw de Angelen, Saksen en oare lânferhuzers dy't Ingelân kolonisearren.

© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search