Amerikaanske Senaat

Segel fan de Senaat

De Amerikaanske Senaat (Ingelsk: United States Senate) is mei it Amerikaansk Hûs fan Offurdigen it Amerikaansk Kongres, de wetjouwende macht fan de federale oerheid fan de Feriene Steaten. De Senaat hat 100 sitten, twa foar eltse Amerikaanske steat. Dy sitten binne fan senatoren, dy't foar 6 jier keazen wurde. Om de twa jier wurd der neffens Kêst I, Paragraaf 3 fan de Amerikaanske grûnwet ien-tredde part werkeazen, sadat der trije groepen yn de Senaat sitte.

De fise-presidint fan de Feriene Steaten is de foarsitter fan de Senaat, en as it tal stimmen fan de senatoren krekt heal-om-heal is, mei er ek stimme. Dat bart net faak. By ôfwezigens fan de fise-presidint kin ien fan de senatoren it foarsitterskip waarnimme, de president pro tempore. Dat is trochstrings de âldste Senator fan de partij dy't de mearderheid hat.

De Senaat hat mear ynfloed as it Hûs fan Offurdigen. De Senaat is lytser en har leden hawwe mear ûnderfining. De Senaat stiet ek net bot ûnder druk fan de publike opiny, omdat se foar in langere perioade keazen binne, en dus net foartendaliks ôfrekkene wurde. De Senaat hat ek bysûnder foech. Neffens Kêst 1 fan de Amerikaanske grûnwet kin de presidint yn de measte gefallen net samar ynternasjonale oerienkomsten meitsje sûnder goedkar fan de Senaat. De Senaat moat ek har goedkar jaan oan wichtige beneamings (Heechgerjochtshof, ambassadeurs en leden fan it kabinet).

De Amerikaanske Senaat is yn Washington D.C., de haadstêd fan de Feriene Steaten. Gearkomsten binne yn de noardlike wjuk fan it Kapitoal. It Hûs fan Offurdigen beslacht de súdlike wjuk.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search