Apollo 11

Missy-embleem
Statistiken missy
Namme missy Apollo 11
Kommando-module CM-107
Moannelanner LM-5
Raket SaturnusV
Ropteken CM: Columbia
LM: Eagle
Bemanning 3
Start 16 july 1969
13:32:00 UTC
Kennedy Space Center
LC 39a
Moannelâning 20 july 1969
20:17:40 UTC
0° 40' 26.69" N,
23° 28' 22.69" E

Mare Tranquillitatis
(Sea of Tranquility)

Lâning ierde 24 july 1969
16:50:35 UTC
13° 19' N — 169° 9' W
Apollo 11

Apollo 11 wie in missy yn it ramt fan it Apollo-projekt fan de Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA, wêrby't de earste minsken op 'e moanne set waarden.

De trije astronauten Neil Armstrong, Edwin „Buzz” Aldrin en Michael Collins setten op 16 july 1969 ôf fan it Kennedy Space Center yn Floarida mei in Saturnus V-raket, en kamen op 19 july yn in baan om 'e moanne. Ien dei letter giene Armstrong en Aldrin mei it lâningsfartúch, de Eagle, nei de moanne ta, wylst Collins yn 'e kommando-module Columbia yn in baan om 'e moanne bleau. In oeremannich letter kaam de Eagle del yn 'e Mare Tranquillitatis, dêr't Armstrong as earste foet op 'e moanne sette, folge troch Aldrin. Nei krapoan 22 oeren op 'e moanne taholden te hawwen, setten de astronauten wer ôf en gongen mei Collins werom nei de ierde, dêr't se op 24 july yn 'e Stille Oseaan delkamen.

Oer de hiele wrâld folgen likernôch 600 miljoen minsken de suksesfolle missy op 'e tillefyzje.[1][2] Mei Apollo 11 waard it ûnthjit fan 'e eardere Amerikaanske presidint John F. Kennedy út 1961 ynlost, dy't doe nammentlik sein hie dat er foàr de ein fan 'e sechtiger jierren – en noch earder as de Sovjet-Uny – in minske op 'e moanne sette woe en dy dêrnei feilich werombringe nei de ierde.

  1. John M. Sarkissian: On Eagle’sWings: The Parkes Observatory’s Support of the Apollo 11 Mission. PDF-triem , Ingelsktalich artikel út de Publications of the Astronomical Society of Australia, siden 287-310
  2. Apollo 11 Moon landing: ten facts about Armstrong, Aldrin and Collins' mission op de webside telegraph.co.uk

© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search