Bel en de Draak

Bel en de Draak
algemiene gegevens
oarspr. titel באל ודרקון ("Bel u-Draqun")
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm koart ferhaal
sjenre religiosa
skreaun ?
bondel Bibel
rige
rige Apokrife taheakken oan it A.T.
● foarich diel Suzanne
● folgjend diel gjint (is lêste taheakke)
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Bel en de Draak
publikaasje 1978, Haarlim/Bokstel
útjouwer NBG & KBS
oersetter pater S. Galama ofm
ISBN oers. 9 06 12 60 817

Bel en de Draak, yn it Hebriuwsk: באל ודרקון, Bel u-Draqun, is in apokrife Gryksktalige tafoeging oan Daniël, in boek fan sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach en yn it Alde Testamint fan 'e Bibel sa't dat yn gebrûk is ûnder de protestantske denominaasjes is allinnich de tekst fan Daniël werjûn neffens it Hebriuwsktalige orizjineel, dus sûnder Bel en de Draak of de oare Taheakken op it Boek Daniël (Azarja en Suzanne). De Anglikaanske Tsjerke lit Bel en de Draak ôfprintsje yn syn bibels, mar ûnder it betingst dat it net bedoeld is om 'e tsjerklike lear op te basearjen (dus inkeld foar de nijsgjirrigens). Yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, lykwols, heart Bel en de Draak wol ta de kanon en foarmet it gewoan haadstik 14 fan it boek Daniël (nei Suzanne, dat dêr haadstik 13 is). En yn 'e eastersk-otterdokse tsjerken, dy't de gearstalling fan 'e Septuaginta, de iere Grykske bibeloersetting, oanhâlde, is dat krekt-en-gelyk. Yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978, dêr't Daniël mar tolve haadstikken hat, wurdt Bel en de Draak mei de oare beide tafoegings oan Daniël fermeld by de apokrife boeken as in taheakke by it Alde Testamint.

Bel en de Draak is opboud út trije ûnderskate ferhalen, twa dêr't Daniël de ôfgoadetsjinst fan 'e Babyloaniërs bestriidt en in trêden wêryn't er yn 'e liuwekûle smiten wurdt, en rêden wurdt mei help fan 'e profeet Habakuk. De tekst is inkeld oerlevere yn it Gryksk, en wol yn twa ferzjes. De iene, dy't yn it lytste part fan 'e bewarre bleaune manuskripten fêstlein is, en dy't somtiden de "Aldgrykske" ferzje neamd wurdt, liket de fariant te wêzen dy't oarspronklik yn 'e Septuaginta stie. Dizze wie lykwols sa ûnbefredigjend, dat de iere tsjerke derfoar keas om yn it stee derfan de ferzje fan 'e hellenistyske joadske skriftlearde Téodotus († ±200) yn 'e lettere hanskriften fan 'e Septuaginta op te nimmen. Wannear't Bel en de Draak krekt ûntstien is en oft der oarspronklik in Hebriuwske of Arameeske ferzje fan bestien hat, is noch altiten ûndúdlik.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search