Brief fan Barnabas

Brief fan Barnabas
algemiene gegevens
oarspr. titel Επιστολή Βαρνάβα
("Epistoli Barnaba")
auteur anonimus (?)
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 70130 n.Kr.

It Brief fan Barnabas, yn it oarspronklike Gryksk: Επιστολή Βαρνάβα, Epistoli Barnaba, is in algemien as apokryf beskôge tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It brief bestiet út 21 haadstikken, en is yn folsleine foarm oerlevere yn 'e Codex Sinaiticus, út 'e fjirde iuw (wêryn't it oan it Nije Testamint taheakke is), en de Codex Hierosolymitanus, út 'e alfde iuw. It Brief fan Barnabas waard tradisjoneel taskreaun oan 'e apostel Barnabas, de freon en meiwurker fan Paulus, mar inkeld ek wol oan 'e tsjerkfaar Barnabas fan Aleksandrië. Moderne bibelwittenskippers en teologen fine beide taskriuwings twifelich en in protte fan harren beskôgje de skriuwer as anonym. It Brief fan Barnabas moat net betize wurde mei it Evangeelje fan Barnabas, dat in hiel oare tekst is.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search