Cher

Dit artikel is in stobbe oer muzikant.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Cher by in konsert, april 2014
Cher

Cher, (berne as Cherilyn Sarkisian LaPiere (El Centro, 20 maaie 1946), is in Amerikaansk sjongster en aktrise fan Armeensk en Sjerokysk komôf.

Cher waard bekend fan it rock-'n-rollduo Sonny & Cher, mei har doetiidske man Sonny Bono. Doe makke hja ek al solo-opnames. Sonny en Cher giene yn 1975 út elkoar. Cher troude letter fannijs mei rock-'n-rollsjonger Gregg Allman, en skiede wer fan him yn 1979. Letter hie hja ferkearing mei Gene Simmons fan Kiss en gitarist Les Dudek. Hja hat twa bern, Chastity Bono en Elijah Blue Allman.

Neist sjongster is Cher ek aktrise. Sy spile ûnder oaren yn de films Mermaids, Silkwood, Mask, Suspect, Tea with Mussolini en Moonstruck. Foar de lêste krige hja yn 1988 in Oscar foar bêste aktrise.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search