Dakota (folk)

Dakota

Ferneamde Dakota. Boppeste rige (f.l.n.rj.): Charles Eastman, Floyd Red Crow Westerman, Lytse Krie; 2e rige: Zitkála-Ša, Grutte Earn, Slein-troch-de-Ree.
flagge
populaasje
oantal 70.000 (2014)
taal Dakota (ek Ingelsk)
godstsjinst kristendom, natoerreligy,
synkretisme
erkenning
steatsdragend folk gjin eigen steat
erkende minderheid Feriene Steaten,
Kanada
fersprieding
Feriene Steaten: 64.000
Kanada:   6.400

De Dakota (Ingelsk: Dakota; útspr.: [də'kou:tə]) binne in lânseigen Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten en de eastlik dêrfan leine boskgebieten fan Noard-Amearika. Mei de Lakota foarmje hja ien fan 'e beide folksdielen fan 'e (Sioux). De Dakota wurde yn 'e regel ûnderferdield yn 'e Eastlike Dakota (of Santy) en de Westlike Dakota (of Jankton-Janktonai). Foarhinne spriek men gauris fan 'e Lakota, de Dakota (d.w.s. de Eastlike Dakota) en de Nakota, wêrby't dy lêste beneaming dan op 'e Westlike Dakota sloech, mar resint taalûndersyk hat útwiisd dat de Eastlike en Westlike Dakota eins nau besibbe binne, sadat de namme "Nakota" no inkeld noch mar brûkt wurdt foar twa besibbe folken (de Assiniboin en de Stony), dy't net ta de Sû rekkene wurde. De Dakota kinne noch fierder opspjalten wurde yn seis fan 'e sân tradisjonele Sû-stammen. De Dakota libje tsjintwurdich benammentlik yn 'e Amerikaanske steaten Noard- en Súd-Dakota, Montana, Nebraska en Minnesota, wylst der fierders lytse groepen yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsjes Manitoba en Saskatchewan wenje. Yn totaal binne der hjoed de dei likernôch 70.000 Dakota.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search