De Lytse Wetterfaam

De Lytse Wetterfaam
algemiene gegevens
oarspr. titel Den Lille Havfrue
auteur Hans Christian Andersen
taal Deensk
foarm koart ferhaal
sjenre mearke
1e publikaasje 1837, Kopenhagen
oarspr. útjwr. C.A. Reitzels Forlag
bondel Eventyr, Fortalte for Børn:
   Tredje Hefte
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Lytse Wetterfaam
publikaasje 1943, Assen
útjouwer Van Gorcum & Co.
oersetter Douwe Tamminga

De Lytse Wetterfaam, yn it oarspronklike Deensk: Den Lille Havfrue (Nederlânsk: De Kleine Zeemeermin; Ingelsk: The Little Mermaid), is in mearke fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-iuwske Deenske skriuwer en dichter Hans Christian Andersen (1805-1875). It waard foar it earst útjûn yn 1837, as ûnderdiel fan 'e samling Eventyr, Fortalte for Børn: Tredje Hefte ("Mearkes, Ferteld foar Bern: Trêde Boek"), tegearre mei ien oar mearke (De Nije Klean fan de Keizer). De Lytse Wetterfaam is ien fan Andersen syn bekendste mearkes en waard yn 1943 troch Douwe Tamminga oerset nei it Frysk as ûnderdiel fan 'e bondel Andersen's Folksforhalen en Mearkes.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search