Generaal

In generaal is in opperofsier fan hege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers; de ekwivalinte rang by de marine is yn prinsipe admiraal. (Yn 'e Nederlânske kriichsmacht, dêr't de rang fan admiraal yn ûnbrûk rekke is, is it ekwivalint fan generaal by de marine eins luitenant-admiraal.) Guon lannen, wêrûnder Grut-Brittanje en ferskate oare lidsteaten fan it Britske Mienebêst, hawwe foar generaal by de loftmacht ynstee de rang opperloftmaarskalk (air chief marshal). Yn 'e measte legers dy't de rang fan generaal hawwe, is it mei-iens ek de heechste rang, hoewol't guon in noch hegere rang kenne, lykas maarskalk, fjildmaarskalk of generaal fan it leger ('fiifstjerregeneraal'). De term 'generaal' is eins in ôfkoarting fan it ferâldere kaptein-generaal, dat yn it begjin fan 'e santjinde iuw yn gebrûk wie, en wêrby't de tafoeging 'generaal' safolle betsjut as "algemien" (dus 'algemien kaptein').

As de term 'generaal' sûnder fierdere tafoeging brûkt wurdt, giet it om wat wol oantsjut wurdt as in 'fjouwerstjerregeneraal', dy't sa neamd wurdt om't de rangûnderskiedingstekens fjouwer stjerren omfetsje. Der besteane noch trije legere gradaasjes fan generaals: luitenant-generaal (trije stjerren), generaal-majoar (twa stjerren) en brigadegeneraal (ien stjer). Yn guon legers komt de brigadegeneraal net foar. It Dútske leger, oan 'e oare kant, hie oant 1945 noch in ekstra gradaasje, de kolonel-generaal (Generaloberst), dy't tusken generaal (mei fjouwer stjerren) en fjildmaarskalk yn stie. Alle gradaasjes fan generaals wurde oansprutsen mei "generaal".


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search