Generaal-majoar

In generaal-majoar (mt.: generaals-majoar) is in opperofsier fan hege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers; de ekwivalinte rang by de marine is skout-by-nacht. Guon lannen, wêrûnder Grut-Brittanje en ferskate oare lidsteaten fan it Britske Mienebest, hawwe foar generaal-majoar by de loftmacht ynstee de rang fise-loftmaarskalk (air vice-marshal). De oansprektitel fan in generaal-majoar is "generaal".

De rang boppe generaal-majoar is luitenant-generaal, en dy derûnder is brigadegeneraal. Yn 'e legers fan lannen dy't de rang fan brigadegeneraal net kenne, wêrûnder in grut diel fan East-Jeropa, is generaal-majoar de leechste opperofsiersrang, en is de rang derûnder dy fan kolonel. In generaal-majoar fiert it befel oer in difyzje, en sadwaande wurdt dizze rang soms difyzjegeneraal neamd. De namme 'generaal-majoar' is ôflaat fan 'e ferâldere rang sersjant-majoar-generaal, dy't yn Nederlân oant yn 'e santjinde iuw bestie.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search