Geograaf

In geograaf of ierdrykskundige is ien dy't de relaasje tusken minsken en harren natuerlike omjouwing fan in romtelik perspektyf út bestudearet. In protte bekende geografen komme fuort út oare dissiplines as de geografy. Oarsom is de geograaf Willem Frederik Hermans folle bekender wurden as skriuwer.

Johannes Vermeer - De Geograaf (1669)

Fan Johannes Vermeer is in skilderij De Geograaf bekend, sinjeard en datearre 1669. It skilderij wurdt faak yn ferbân brocht mei it skilderij De Astronoom (1668). Dy twa skilderijen wurde wol sjoen as ôfspegeling fan de tanimmende ynfloed fan wittenskiplik ûndersyk yn Jeropa op de ein fan de 17e iuw.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search