Georgia

Steat Georgia
State of Georgia
flagge wapen
Wisdom, Justice, Moderation
(Ingelsk, "Wiisheid, Rjochtfeardichheid, Moderaasje")
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ôfkoarting GA
lân Feriene Steaten
status (jier) steat (1788)
haadstêd Atlanta
grutste stêd Atlanta
offisjele taal Ingelsk
sifers
ynwennertal 10.097.343 (2014)
befolkingstichtens 65,4 / km²
oerflak 153.909 km² (2,6% wetter)
bykommende ynformaasje
bynamme de Peach State
tiidsône UTC –5
simmertiid UTC –4
webside www.georgia.gov
Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Georgia. Foar oare betsjuttings, sjoch: Georgia (betsjuttingsside).

Georgia (útspr.: ['ʤɔ:ɹʤa], likernôch "dzjôrdzja"), offisjeel de Steat Georgia (Ingelsk: State of Georgia), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Georgia, byneamd de Peach State (de "Pjiskesteat"), leit yn it súdeasten fan it lân, oan 'e kust fan 'e Atlantyske Oseaan, en heart ta de regio fan it Amerikaanske Suden. De haadstêd is Atlanta, en dat is mei-iens ek de grutste stêd. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe goed 10 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 8e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Georgia mei krapoan 154.000 km² de 24e steat. Georgia stiet bekend om syn hjitte, neare klimaat, syn natoerskientme en syn skiednis as ien fan 'e oarspronklike steaten fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search