Georgysk-Otterdokse Tsjerke

Georgysk-Otterdokse Tsjerke
It wapen fan 'e Georgysk-Otterdokse Tsjerke
It wapen fan 'e Georgysk-Otterdokse Tsjerke
algemiene ynformaasje
off. namme Georgyske Apostoalyske Autosefale Otterdokse Tsjerke
stifting 337
ûnôfhinklik 486 (f.i. Patriargaat. f. Antiochië)
1917 (f.d. Russysk-Otterdokse Tsjerke)
erkenning 486 (Patriargaat. f. Antiochië)
1943 (Russysk-Otterdokse Tsjerke)
1990 (Oek. Pat. f. Konstantinopel)
titel primaat katolikos-patriarch fan hiel Georgje
sit primaat Tbilisi (Georgje)
fierdere bysûnderheden
streaming eastersk-otterdoksy
tsjerketaal Georgysk
ledetal 3.500.000 (2012)
webside www.patriarchate.ge

De Georgysk-Otterdokse Tsjerke, of eins de Georgyske Apostoalyske Autosefale Otterdokse Tsjerke (Georgysk: საქართველოს სამოციქულო ავტოკეფალური მართლმადიდებელი ეკლესია, Sakartvelos Samocikulo Avṭoḳepaluri Martlmadidebeli Eḳlesia), is in kristlike tsjerke fan eastersk-otterdokse synjatuer, dy't fanâlds de steatstsjerke fan Georgje wie (oant 1921, doe't troch de Sovjet-autoriteiten in skieding fan tsjerke en steat trochfierd waard). It is in autosefale (selsbestjoerende) tsjerke yn kommuny mei de oare eastersk-otterdokse tsjerken, ûnder it bewâld fan 'e patriarch fan Georgje, dy't residearret te Tbilisi.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search