Gildas

Saint Gildas
stânbyld ûnder it doarp Saint-Gildas-de-Rhuys (Frankryk)

Gildas (ek wol Gildas de Wize as Gweltaz) (Skotlân, om 500 - Houat, Bretanje, om 570) wie in Britske geastlike en skriuwer út mids 6e iuw. Hy skreau De Excidio et Conquestu Britanniae ('Oer de ferwoasting en ferôvering fan Brittanje').

Gildas is stoarn yn Bretanje op it eilân Houat dêr't er as kluzener libbe en it evangeelje ferkundige. Hy waard beïerdige yn de tsjerke fan Saint-Gildas-de-Rhuys.

Gildas syn nammedei is 29 jannewaris.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search