Hannelingen fan Petrus en Paulus

Hannelingen fan Petrus en Paulus
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 4e iuw

De Hannelingen fan Petrus en Paulus is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. Men is fan tinken dat it fan nei de fjirde iuw datearret. Der bestiet in alternative ferzje dy't bekend stiet as de Passy fan Petrus en Paulus, en dy't in ôfwikende ynlieding hat. De Hannelingen fan Petrus en Paulus liket fierhinne basearre te wêzen op 'e Hannelingen fan Petrus, dêr't it net mei betize wurde moat (noch mei de Hannelingen fan Paulus).

De Hannelingen fan Petrus en Paulus beskriuwt de reis fan 'e apostel Paulus fan it eilân Gaudomeleta nei Rome. De apostel Petrus wurdt oantsjut as Paulus syn broer. It geskrift befettet fierders it ferhaal fan Paulus syn dea troch ûnthalzing, in ier kristlike tradysje, en in brief dat neffens de tekst skreaun wêze soe troch Pontius Pilatus, de Romeinske steedhâlder fan Judeä yn 'e tiid fan 'e krusiging fan Jezus fan Nazaret.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search