Hannelingen fan Tomas

Hannelingen fan Tomas
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 3e iuw

De Hannelingen fan Tomas is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan 'e apostel Tomas, al wurdt dy yn 'e tekst ornaris fan "Judas" of "Judas Tomas" neamd (mei't "Tomas" "twilling" betsjut en de anonime skriuwer dat blykber beskôge as in bynamme). De Hannelingen fan Tomas, dat net betize wurde moat mei it Evangeelje fan Tomas of it Berne-evangeelje fan Tomas, datearret nei alle gedachten út 'e iere trêde iuw. Yn folsleine foarm is it oerlevere yn it Syrysk en it Gryksk, wylst fragminten yn ferskate oare talen bewarre bleaun binne. Nuveraardichheden yn 'e Grykske tekst wize derop dat dy in oersetting út it Syrysk is, en dat de Hannelingen fan Tomas dus oarspronklik yn it Syrysk skreaun wêze moatte. De oerlevere Syrysktalige manuskripten binne lykwols ûntdien fan 'e iepentlikste gnostyske passaazjes, sadat de Grykske ferzjes de oarspronklike tekst better werjouwe. Der binne fragminten oerlevere fan fjouwer oare "hannelingen" fan Tomas, mar dit is de iennichste folsleine.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search