Hannelingen fan de Apostels

Hannelingen fan de Apostels
algemiene gegevens
oarspr. titel Πράξεις τῶν Ἀποστόλων
("Praxeis tōn Apostolōn")
auteur Lukas
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 5070 n.Kr.
bondel Bibel
rige
rige Nije Testamint
● foarich diel Evangeelje fan Jehannes
● folgjend diel Brief oan de Romeinen
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Hannelingen fan de Apostels
publikaasje 1933, Haarlim
útjouwer Nederlands Bijbelgenootschap
oersetter G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma

De Hannelingen fan de Apostels, yn it oarspronklike Gryksk: Πράξεις τῶν Ἀποστόλων, Praxeis tōn Apostolōn, ek wol koartwei Hannelingen neamd, is it fjirde boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It folget, sawol wat de folchoarder fan 'e boeken fan it Nije Testamint oangiet, as wat de gronology fan 'e bibelske ferhalen oanbelanget, daliks op 'e fjouwer kanonike evangeeljes, en beskriuwt de himelfeart fan Jezus Kristus en de earste jierren fan 'e kristlike mienskip, dêrby de sindingsreizen fan 'e apostel Paulus en oaren ynbegrepen.

Neffens de tradysje is it boek skreaun troch de apostel Lukas, de selskipsman fan Paulus, dy't û.m. yn Kolossers 4:14 neamd wurdt. Dy opfetting wurdt noch altiten beskôge as de teory dy't alle gegevens op 'e meast befredigjende manear útleit, al moat dêrby oantekene wurde dat der ûnder bibelwittenskippers en teologen perfoarst gjin konsensus oer bestiet. Hannelingen is nei alle gedachten skreaun yn 'e twadde helte fan 'e earste iuw. In spesifikere datearring wurdt yn 'e regel jûn as foàr it jier 70, mei't de ferwuostging fan Jeruzalim troch de Romeinen yn dat jier der alhiel net yn neamd wurdt. De Britske saakkundige op it mêd fan it Nije Testamint Donald Guthrie (1916-1992) doarst it wol oan en sis it noch sekuerder: neffens him wie Hannelingen skreaun tusken 62 en 64. De titel fan it boek makke trouwens gjin ûnderdiel út fan 'e oarspronklike tekst, mar is betocht troch de twadde-iuwske teolooch Irenaeus. De earste folsleine Fryske oersetting fan Hannelingen stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1933 útkaam.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search