Henoch (boek)

Henoch
Tredde side fan in Gryksk manuskript fan it boek Henoch, út 'e 4e iuw.
Tredde side fan in Gryksk manuskript fan it boek Henoch,
út 'e 4e iuw.
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Arameesk of Hebriuwsk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 3e1e iuw f.Kr.

Henoch (ek wol it 1 Henoch neamd, om it te ûnderskieden fan 2 en 3 Henoch) is in joadske religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel, dy't troch de grutte mearderheid fan it hjoeddeiske joadendom en kristendom as apokryf beskôge wurdt. De tradysje wol dat Henoch taskreaun wurde moat oan 'e bibelske persoan Henoch, de oerpake fan Noäch, dy't yn Genesis 5:21-24 neamd wurdt. Moderne bibelwittenskippers en teologen datearje de âldste dielen fan 'e tekst (benammentlik it Boek fan de Skôgers) lykwols yn 'e trêde iuw f.Kr., wylst se fan tinken binne dat it jongste part (it Boek fan de Likenissen) yn 'e earste iuw f.Kr. gearstald is.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search