Iepenbiering fan Jehannes

Iepenbiering fan Jehannes
algemiene gegevens
oarspr. titel Αποκάλυψη του Ιωάννη
("Apokalypsi tou Ioanni")
auteur Jehannes fan Patmos
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 6895 n.Kr.
bondel Bibel
rige
rige Nije Testamint
● foarich diel Brief fan Judas
● folgjend diel gjint (is lêste boek fan it N.T.)
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Iepenbiering fan Jehannes
publikaasje 1933, Haarlim
útjouwer Nederlands Bijbelgenootschap
oersetter G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma

De Iepenbiering fan Jehannes of de Apokalyps fan Jehannes, yn it oarspronklike Gryksk: Αποκάλυψη του Ιωάννη, Apokalypsi tou Ioanni, ek wol koartwei Iepenbiering of inkeld de Apokalyps neamd, is it 27ste en lêste boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It beskriuwt in stikmannich fizioenen dy't de auteur krige, dy't de Einichste Dei en it Lêste Oardiel foarseine. It boek nimt in sintraal plak yn yn 'e kristlike eskatology (de stúdzje fan 'e ein fan 'e tiden), en wurdt hast unanym ta de kristlike kanon rekkene. In útsûnderingsposysje nimme datoangeande de lutherske tsjerken yn. Om't Marten Luther Iepenbiering as apokryf beskôge, wurdt it boek (yn 'e mande mei trije fan 'e brieven, dy't Luther krekt sa beoardiele) yn 'e lutherske Bibel noch altiten los fan 'e kanon yn in aparte taheakke hielendal efteroan yn it Nije Testamint ôfdrukt. De earste folsleine Fryske oersetting fan Iepenbiering stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1933 útkaam.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search