It Libben fan Adam en Eva

It Libben fan Adam en Eva
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Hebriuwsk of Aldsyrysk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 1e iuw n.Kr.

It Libben fan Adam en Eva is in algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. De Grykske ferzje stiet ek wol bekend as de Iepenbiering fan Mozes, mei't it dy joadske profeet wie oan wa't it ferhaal trochdien waard; syn namme wurdt lykwols inkeld yn 'e earste sin neamd. It Libben fan Adam en Eva is in pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan Set, de soan fan 'e earste minsken Adam en Eva, en jout in útwreide beskriuwing fan it libben fan Adam en Eva fan 'e tiid ôf dat se út it Hôf fan Eden set wurde oant harren dea. De tekst is oerlevere yn it Gryksk, it Latyn, it Aldtsjerkeslavysk, it Armeensk en it Georgysk, wylst der ek in pear fragmintaryske Koptyske ferzjes fan besteane. De farianten yn 'e ûnderskate talen ferskille frijwat kwa lingte en ferhaal, en allegear hawwe se wol ienich unyk materiaal. Hoewol't de oerlevere ferzjes út 'e perioade tusken de trêde en de fyfde iuw komme, moat de oarspronklike tekst, dy't nei alle gedachten yn in Semityske taal skreaun wie (foar 't neist Hebriuwsk of Syrysk), datearre wurde yn 'e earste iuw.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search