Jimi Hendrix

Jimi Hendrix by syn optreden yn it Nederlânske tf-programma Hoepla in 1967

James Marshall (Jimi) Hendrix (berne as Johnny Allen Hendrix, Seattle, 27 novimber 1942Londen, 18 septimber 1970) wie in Amerikaanske gitarist en singer-songwriter dy't in protte ynfloed op de popmuzyk hân hat.

Hy hat yn in pear jier tiid de status opboud fan Superstjer en is ferneamd oer de hiele wrâld troch syn firtuoaze gitaarspul. Troch de kritisy wurdt er faak sjoen as de bêste gitarist yn de skiednis fan de rockmuzyk. Yn syn styl fan spyljen komme rock, blues, psychedelyske muzyk en jazz byinoar. Hendrix hat mei syn bands, ûnder oaren The Jimi Hendrix Experience en Gypsy Sun & Rainbows, optreden op it Monterey Pop Festival, it Woodstock-Festival en it Isle of Wight Festival 1970.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search