Kaptein-op-see

In kaptein-op-see is in haadofsier fan hege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de marine; de ekwivalinte rang by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers is kolonel, wylst yn guon lannen de ekwivalinte rang by de loftmacht groepskaptein is. De oansprektitel fan in kaptein-op-see is "kolonel". De boppelizzende rang is kommandeur, en de ûnderlizzende rang is kaptein-luitenant-op-see. Dêrmei is kaptein-op-see de heechste haadofsiersrang by de marine.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search