Kolonel

In kolonel is in haadofsier fan hege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers. De ekwivalinte rang by de marine is kaptein-op-see, wylst yn guon lannen de ekwivalinte rang by de loftmacht groepskaptein is. De oansprektitel fan in kolonel is "kolonel". De boppelizzende rang is brigadegeneraal of, yn legers dy't de rang fan brigadegeneraal net kenne (sa't yn in grut diel fan East-Jeropa it gefal is), generaal-majoar. Dêrmei is kolonel de heechste haadofsiersrang. Direkt ûnder de kolonel stiet de luitenant-kolonel, dat in soarte fan legere gradaasje fan kolonel is.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search