Kosmetika

In útstalling fan kosmetikaprodukten yn in winkel yn Poalen.

Kosmetika (fan it Grykske κοσμητικὴ τέχνη, kosmetike techne, "technyk fan oanklaaiïng en fersiering") is in sammelnamme foar produkten dy't te krijen hawwe mei persoanlike fersoarging. De bekendste kategory kosmetika wurdt foarme troch make-up, dat bedoeld is om 'e uterlike skientme fan minsken te fergrutsjen, mar ek produkten op it mêd fan hûdfersoarging, hierfersoarging en rûkersguod falle ûnder kosmetika. Kosmetika binne makke fan gemyske middels, dy't òf wûn wurde út natuerlike stoffen, òf syntetysk kreëarre binne yn laboratoaria. Minsken mei in hûd dy't oerhinget ta aknee kinne kosmetika faak better links lizze litte, om't de griemmank fan stoffen yn sokke produkten by harren gauris ta útbraken liede sil.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search