Ku Klux Klan

Ku Klux Klan
In gearkomste fan 'e KKK by Chicago omtrint 1920.
In gearkomste fan 'e KKK by Chicago omtrint 1920.
emblemen
            
algemiene ynformaasje
ôfkoarting KKK
nasjonaliteit Amerikaansk
type org. klandestine paramilitêre
   rasistyske maatskiplike org.
wurkmêd polityk, sosjaal
haadkertier geheim
off. taal Ingelsk
oprjochte 1865 (Earste Klan)
1915 (Twadde Klan)
1946 (Trêde Klan)
opdoekt 1872 (Earste Klan)
1944 (Twadde Klan)
oprjochter 6 ofsieren út it leger
   fan 'e Konfederaasje
tal leden ûnbekend (Earste Klan)
3–8 miljoen (Twadde Klan)
5.000–8.000 (Trêde Klan)
aktyf yn Amerikaanske Suden
offisjele webside
ferskaat, sjoch: hjirre

De Ku Klux Klan (útspr.: [ˌkuːklʌksˈklæn], likernôch: "kûû-klaks-klên"), is in beruchte, yllegale, paramilitêre, terroristyske, rjochts-ekstremistyske groepearring yn 'e Feriene Steaten. De namme fan 'e groepearring wurdt gauris ôfkoarte ta KKK en ek wol ferkoarte ta "de Klan" (om't it gewoane wurd "clan" yn it Ingelsk mei in c stavere wurdt). In oare beneaming is it Invisible Empire ("it Unsichtbere Ryk") of it Invisible Empire of the Ku Klux Klan. Mei't der net ien inkele KKK-groep bestiet, mar ferskaten njonkeninoar, kin eins net sprutsen wurde fan in organisaasje, mar is de oantsjutting 'beweging' hjir mear fan tapassing. De KKK is fan âlds it meast aktyf yn it Amerikaanske Suden en ûnderskiedt him fan oare ekstremistyske organisaasjes mei in fierhinne gelikens gedachteguod trochdat leden har op gearkomsten klaaie yn lange wite mantels en kegelfoarmige hege wite puntmûtsen dêr't in anonimisearjend (wyt) masker oan befêstige is dat oer it gesicht hinne hinget.

De beweging waard yn 1865, oan 'e ein fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, foar it earst oprjochte en hat sûnt yn trije ûnderskate ynkarnaasjes bestien, te witten de earste Klan (1865-1872), de twadde Klan (1915-1944) en de trêde Klan (fan 1946 ôf). Hoewol't de KKK benammen bekend stiet om 'e ferfolging fan negroïde minsken omreden fan harren hûdskleur, keart de beweging him ek tsjin Joaden, Latino's, Yndianen, Aziaten, blanken dy't in relaasje hawwe mei immen fan in oar ras, roomsen, moslims, ateïsten, homo's, feministen, ymmigranten, sosjalisten, kommunisten, fakbûnsleden en foarstanners fan it rjocht op abortus, eutanasy en it homohoulik. By harren aksjes skrilje KKK-leden net tebek foar it gebrûk fan geweld of sels foar moard.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search