Lucasfilm

Lucasfilm
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor filmstudio, tillefyzjestudio
haadkertier San Francisco (Kalifornje)
oprjochte 1971
oprjochter George Lucas
mem Walt Disney Studios
dochters Industrial Light & Magic
Skywalker Sound
Lucasfilm Games
Lucasfilm Animation
sifers
aktyf yn de Feriene Steaten
wurknimmers 2.000 (2015)
tal lokaasjes 6
offisjele webside
www.lucasfilm.com

Lucasfilm, eins Lucasfilm Ltd. LLC, is in Amerikaanske filmstudio en tillefyzjestudio dy't yn 1971 oprjochte waard troch filmmakker George Lucas en dy't nei him ferneamd is. It haadkantoar is fêstige yn San Francisco. Lucasfilm is it bekendst fan 'e Star Wars- en Indiana Jones-mediafranchises. Fia syn difyzje Industrial Light & Magic (ILM) is it bedriuw ek in pionier op it mêd fan special effects. Lucasfilm wie in selsstannige ûndernimming oant it yn 2012 foar de priis fan krapoan $6 miljard oernommen waard troch The Walt Disney Company. Sûnt makket it diel út fan 'e difyzje Walt Disney Studios.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search