Luitenant-kolonel

In luitenant-kolonel is in haadofsier fan hege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers. De ekwivalinte rang by de marine is kaptein-luitenant-op-see, wylst yn guon lannen de ekwivalinte rang by de loftmacht wing commander is. Ut histoaryske grûn is de oansprektitel fan in luitenant-kolonel net "kolonel", sa't men ferwachtsje soe, mar "oerste". Ynformeel wurdt dizze rang ek wol as 'oerste' oantsjut, mar yn formeel gebrûk nea. De rang boppe luitenant-kolonel is kolonel, en de ûnderlizzende rang is majoar. Dêrmei is luitenant-kolonel de middelste haadofsiersrang. De term 'luitenant-kolonel' betsjut letterlik "plakferfanger fan 'e kolonel". Yn it Nederlânske leger binne luitenant-kolonels faak bataljonskommandanten.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search