Mark Rutte

Mark Rutte
Mark Rutte (2023)
Mark Rutte (2023)
Algemien
Berne 14 febrewaris 1967
Berteplak De Haach
Partij VVD
Religy Herfoarme
Titels Drs.
Politike funksjes
1988-1991 Foarsitter JOVD
1993-1997 Lid haadbestjoer VVD
2002-2004 Steatssikretaris Sosjale Saken en Wurkgelegenheid
2003, 2006-2010, 2012, 2017, 2021-2022 Lid Twadde Keamer
2004-2006 Steatssikretaris Underwiis, Kultuer en Wittenskippen
2006-2023 Polityk lieder VVD
2006, 2010, 2012, 2017, 2021 Listlûker
2006-2010, 2012, 2017, 2021-2022 Fraksjefoarsitter Twadde Keamer
2010-2024 Minister fan Algemiene Saken
2010-2024 Minister-presidint

Mark Rutte (De Haach, 14 febrewaris 1967) is in Nederlânsk politikus. Fan 14 oktober 2010 oant 2 july 2024 wie hy minister-presidint fan Nederlân en minister fan Algemiene Saken. Op 26 oktober 2017 waard syn tredde kabinet, kabinet-Rutte III, beëdige en op 10 jannewaris 2022 syn fjirde kabinet, kabinet-Rutte IV. Hy wie ek polityk lieder fan 'e Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy (VVD).

Nei in gymnasiumoplieding yn syn berteplak De Haach folge Rutte fan 1985 ôf oan 'e Universiteit fan Leien in skiednisstúdzje dy't er yn 1992 ôfmakke. Ek wie er fan 1988 oant 1991 foarsitter fan 'e JOVD. Nei syn stúdzje wurke Rutte tsien jier by Unilever op 'e ôfdieling meiwurkerssaken en siet er inkelde jierren yn it partijbestjoer fan 'e VVD.

Yn 2002 makke Rutte de oerstap fan it bedriuwslibben nei de lânlike polityk. Hy wie steatssikretaris fan Sosjale Saken en dêrnei fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip yn it earste en twadde kabinet-Balkenende. Tuskentroch wie er ek noch efkes Twadde Keamerlid.

By de ferkiezings yn 2017 it Rutte de VVD nei 33 sitten te lieden, in ferlies fan 8 sitten mar genôch om op 'e nij as winner de kabinetsformaasje yn te gean. Nei de ferkiezings fan 2023 waard Rutte net op 'e nij premier, hoewol't de VVD wol wer yn it regear kaam. Ynstee makke er as lieder fan 'e partij romte foar Dilan Yeşilgöz.

Fan 1 oktober 2024 ôf is Rutte sekretaris-generaal fan de NAFO.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search