Oerflaktewetter

De Noardsee is in foarm fan in natuerlik oerflaktewetter.
It Leppe Akwadukt is in foarbyld fan in keunstmjittich oerflaktewetter.
Oerflaktewetter wurdt ûnder oare brûkt foar rekreaasje.

Oerflaktewetter is wetter dat him yn floeibere foarm oan it oerflak fan in planeet befynt. Yn tsjinstelling ta it grûnwetter dat by boarnen omheech komt, it iis en gletsjers op (ûnder oaren) de poalen en bergen en de damp yn de dampkring. Tegearre foarmje sy de hydrosfear fan de Ierde.

Oerflaktewetter wurdt it meast oanfold troch delslach en giet ferlern troch ferdampjen en it fuortlekken yn de grûn nei it grûnwetter.

Oerflaktewetters kinne natuerlike of keunstmjittige wetters en wettergongen wêze. Grutte wetters binne pleatslik fan ynfloed op de temperatuer en it waar. Hoe grutter it oerflak, hoe mear de wyn tanimme kin, mar ek smellere streken wetter kinne lykas bergen in barriêre foarmje tusken meteorologyske waarfronten.

Natuerlike oerflaktewetters binne:

Keunstmjittige oerflaktewetters binne:


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search