Pseudo-Filo

Pseudo-Filo
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Hebriuwsk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 50138 n.Kr.

Pseudo-Filo is in algemien as apokryf beskôge joadske religieuze tekst yn it Latyn, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It wurdt sa neamd om't it oerlevere is mei de Latynske oersettings fan 'e geskriften fan Filo fan Aksandrië, wylst it oerdúdlik net fan 'e hân fan Filo sels is. De feitlike Latynske titel is Liber Antiquitatum Biblicarum, wat fertaald wurde kinne soe as "it Boek fan 'e Bibelske Aldheden". Saakkundigen binne fan betinken dat Pseudo-Filo oarspronklik yn it Hebriuwsk skreaun west hawwe moat, en doe oerset is yn it Gryksk, wêrnei't de Grykske oersetting wer fertaald is yn it Latyn, mei as ferfelend resultaat dat in grut tal eigennammen dy't net út 'e Bibel bekend binne sa slim ferpield binne dat de oarspronklike foarm net mear werom te finen is. It is noch net alhiel dúdlik wannear't Pseudo-Filo datearre wurde moat. Om't yn 'e tekst sels útholden wurdt dat de Timpel fan Jeruzalim noch stiet, wolle guon wittenskippers hawwe, it soe foàr it jier 70 skreaun wêze, mei't de Timpel doe troch de Romeinen ferrinnewearre waard. Oare saakkundigen sjogge gjin oertsjûgjende arguminten foar sa'n iere datearring en miene dat Pseudo-Filo pas koart nei de midden fan 'e twadde iuw gearstald is, of mooglik ûnder it regear fan 'e Romeinske keizer Hadrianus (117-138).


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search