Rein-yn-'t-Gesicht

Rein-yn-'t-Gesicht
Rein-yn-'t-Gesicht yn 1893.
Rein-yn-'t-Gesicht yn 1893.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ité Omáǧažu
oare namme Rain-in-the-Face
berne ±1835
berteplak oan de Cheyenne (Súd-Dakota)
stoarn 15 septimber 1905
stjerplak Bullhead Station (Noard-Dakota)
etnisiteit Lakota- (Sioux)
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan de Hûnkpapa
jierren aktyf ±18601905
reden
  bekendheid
● wie de mooglike deader fan
   gen. George Armstrong Custer
Longfellows gedicht The
   Revenge of Rain in the Face

Rein-yn-'t-Gesicht (Lakota: Ité Omáǧažu, útspr.: [i'te: o'ma:ʁaʒu]; Ingelske oersetting: Rain-in-the-Face; oan de Cheyenne (Súd-Dakota), ±1835Bullhead Station (Noard-Dakota), 15 septimber 1905) wie in opperhaad fan 'e Hûnkpapa-substamme fan 'e Lakota- (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy wie ien fan 'e lieders fan 'e Lakota yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876, en focht û.m. mei yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêrby't de Yndianen it Amerikaanske leger in ferpletterjende nederlaach tabrochten. Bekendheid krige er lykwols pas troch it gedicht The Revenge of Rain in the Face, dat de Amerikaanske dichter Longfellow neitiid oer him makke.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search