Roomsk-Katolike Tsjerke

De Roomsk-Katolike Tsjerke, meastal de Roomske Tsjerke, oprjochte yn 'e rin fan 'e 1e iuw, is de grutste leauwensrjochting yn it Kristendom. De Hillige Sit, dat wol sizze de Paus, it steatsekretariaat, de pauslike kongregaasjes en de pauslike rieden, is it haad fan de steatsrjochtlike takke fan Fatikaanstêd. Neffens it Roomske leauwen is de Paus, dy't sit hat yn Fatikaanstêd, de plakferfanger fan Jezus Kristus op ierde en syn útspraken wurde as ûnfeilber beskôge.

De Sint Pitertsjerke is it middelpunt fan Fatikaanstêd.

As ynstitút en organisaasje is de Roomske Tsjerke unyk. It is de âldste organisaasje fan 'e wrâld dy't sûnder ûnderbrekkings funksjonearre hat, sûnt de 1e iuw, en is it iennichste ynstitút fan it Romeinske Ryk dat likernôch sûnder feroarings fuortbestiet oant de tsjintwurdige tiid. It argyf en de biblioteek fan it Fatikaan binne allyksa de âldste yn 'e wrâld.

De Roomske Tsjerke hat as ynstitút sûnt de 3e iuw in wichtige rol spile yn de skiednis fan Jeropa en yn dy fan de rest fan de wrâld. Benammen yn de Midsiuwen en de iuwen fuort dêrnei hawwe der út namme fan de Roomske Tsjerke en de paus in soad oarloggen west, wêrûnder de Krústochten. Misjonarissen út de rike lannen fan it westen waarden nei earme koloanjes stjoerd om dêr te preekjen en om de pleatslike bewenners ta it Roomske leauwen te bekearen.

Yn 'e hiele wrâld binne mear as 900 miljoen oanhingers fan it Roomske leauwen. Likernôch de helte dêrfan wennet yn de Tredde Wrâld. Dêrby is der likernôch ien pryster op alle 1.400 Roomsken.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search