Seksualiteit

Seksualiteit is it kompleks fan gefoelens en hannelings dy't in minsk gewaarwurde kin of útfiere en dy't gearhingje mei lichaamlike gefoelens ta in oare persoan. Sommigen brûke in ingere definysje en sjogge seksualiteit as de begearte nei geslachtsferkear tusken minsken en it geslachtsferkear sels.

Seksualiteit is foar minsken fan belang foar de fuortplanting, foar befêstiging fan in relaasje tusken persoanen, en benammen foar it belibjen fan genot. Yn sommige kultueren leit op it iepentlik sprekken oer seksualiteit in religieus taboe, of is it beoefenjen fan seksualiteit fóár it houlik sels ferbean. Foar bygelyks Roomsk-Katolike geastliken is it bedriuwen fan seksualiteit hielendal ferbean; it selibaat. Fan religieuze of maatskiplike oertsjûging út kin men fine dat seksualiteit, yn de sin fan geslachtsferkear, allinnich binnen in houliksrelaasje barre kin.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search