Sittende Bolle

Sittende Bolle
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tȟatȟáŋka Íyotake
oare namme Sitting Bull
berne ±1831
berteplak oan 'e Grand River (Súd-Dakota)
stoarn 15 desimber 1890
stjerplak oan 'e Grand River (Súd-Dakota)
etnisiteit Lakota- (Sioux)
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan de Hûnkpapa
jierren aktyf ±18551890

Sittende Bolle (Lakota: Tȟatȟáŋka Íyotake, útspr.: [tˣa'tˣã:ka i:jo'take]; Ingelske oersetting: Sitting Bull; oan 'e Grand River (Súd-Dakota), ±1831 – dêre, 15 desimber 1890), wie yn 'e lêste helte fan 'e njoggentjinde iuw in wrâldsk en geastlik foaroanman en ien fan 'e wichtichste opperhaden fan 'e (Sioux), in Yndiaansk folk yn it midnoarden fan 'e Feriene Steaten. Yn 1876 stied er oan it haad fan 'e koälysje fan Sû-, Sjajinne- en Arapaho-krigers dy't yn 'e Slach oan de Little Bighorn it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in tepletterjende nederlaach tabrocht. Hoewol't er sels net meifochten hie, waard er dêr troch de Amerikanen ferantwurdlik foar holden, en moast er in skoft útwike nei Kanada ta. Nei't er him yn 1881 oerjûn hie, makke er in hoartsje diel út fan 'e Wyldwestshow fan syn freon Buffalo Bill, en gied er dêrmei op toernee troch Amearika. Yn 1890, doe't de nije religy fan 'e geastedûns ûnder de Amerikaanske Yndianen in protte folgelingen krige, siet it Amerikaanske regear deroer yn noed dat ek Sittende Bolle, mei alle ynfloed dy't er noch altyd hie, him dêrby jaan soe. Men besocht him doe te arrestearjen, mar by de wrakseling dy't dêrby ûntstie, waard er yn 'e holle sketten, wêrnei't er stoar.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search