Skylge

Skylge

De haven fan West-Skylge mei rjochts de Brandaris.
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Haadplak West-Skylge
Oerflak 673,99 km²
  •  dêrfan lân 86,16 km²
  •  dêrfan wetter 587,83 km²
Ynwennertal 4.900 (1 jannewaris 2024)
Befolkingstichtens 57 ynw./km²
Boargemaster Caroline van de Pol (VVD)
Oprjochte 1813
Oant 1942 part fan Noard-Hollân
Netnûmer(s) 0562
Postkoade(s) 0881-8897
www.terschelling.nl
Haven fan Skylge, 1888 (fan Heinrich Petersen-Angeln

Skylge (Nederlânsk en offisjeel:Terschelling), yn de lokale Fryske dialekten Schylge, is ien fan de fiif Nederlânske Waadeilannen. It is in gemeente mei 4.900 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS). De gemeente beslacht 674 km² (wêrfan 587,83 km² wetter), mei in kustline fan 89 km. Ta de gemeente Skylge heart net allinnich it eilân Skylge, mar ek It Gryn. Op Skylge stiet de Brandaris, de âldste fjoertoer fan Nederlân.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search