Suzanne (bibelsk ferhaal)

Suzanne
algemiene gegevens
oarspr. titel Σουσαννα ("Sousanna")
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm koart ferhaal
sjenre religiosa
skreaun ?
bondel Bibel
rige
rige Apokrife taheakken oan it A.T.
● foarich diel Azarja
● folgjend diel Bel en de Draak
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Suzanne
publikaasje 1978, Haarlim/Bokstel
útjouwer NBG & KBS
oersetter pater S. Galama ofm
ISBN oers. 9 06 12 60 817

Suzanne, yn it Hebriuwsk: שׁוֹשַנָה, Šōšannāh (eins in frouljusnamme dy't fan "leelje" betsjut) en yn it Gryksk: Σουσαννα, Sousanna, is in omstriden tafoeging oan Daniël, in boek dat diel útmakket fan sawol de joadske as de kristlike Bibel. Suzanne fertelt it ferhaal fan 'e frou mei deselde namme, dy't troch twa âldere rjochters ferge wurdt om seksuële omgong mei harren te hawwen, mar wegeret, en krekt op 'e tiid rêden wurdt. De bedoeling fan it ferhaal is om oan te tsjutten dat God ûnskuldigen bystiet dy't trou bliuwe oan syn geboaden. Suzanne is inkeld oerlevere yn it Gryksk.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search