Tony Award

Antoinette Perry Award for
Excellence in Theatre

(Tony Award)
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar toaniel
útrikt troch de American Theatre Wing en
de Broadway League
frekwinsje 1x jiers
datum begjin juny
plak New York (New York)
ynsteld 1947
1e útrikking 1947
offisjele webside
www.tonyawards.com

De Tony Awards, eins de Antoinette Perry Awards for Excellence in Theatre, binne in groep Amerikaanske prizen dy't sûnt 1947 jierliks by in galaseremoanje yn New York yn in grut tal kategoryen útrikt wurde oan produsinten, akteurs en technisy op it mêd fan toaniel, mear yn 't bysûnder fan it toaniel fan it Newyorkske Broadway. Se wurde rûnom beskôge as de wichtichste Amerikaanske toanielprizen, en korrespondearje datoangeande mei de Oscars (foar film), de Emmys (foar tillefyzje) en de Grammys (foar muzyk). Ynternasjonaal kinne se ferlike wurde mei de Britske Laurence Olivier Award foar toaniel en de Frânske Prix Molière. De Tonys wurde yn gearwurking útrikt troch twa organisaasjes, de American Theatre Wing en de Broadway League, en binne ferneamd nei Antoinette Perry, de mei-oprjochtster fan 'e American Theatre Wing. De útrikking fan 'e Tonys wurdt live útstjoerd op 'e Amerikaanske tillefyzje, fia de stjoerder CBS.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search