Trijekeningen

Tradisjoneel ôfbyld fan de besite fan de wizen út it easten

Trijekeningen, Epifany of de Ferskining fan de Hear (Latynsk: Solemnitas Epiphaniae Domini) is in kristlik heechfeest dat alle jierren op 6 jannewaris wurdt betocht. It feest giet werom op it bibelske ferhaal yn Mattéus 2:1-18 oer de wizen út it easten, dy't sochten nei de "Kening fan de Joaden" en troch in stjer nei Betlehem brocht waarden om dêr Jezus te finen en Him dêr mirre, goud en weireek offeren.

Mei de ferskining wurdt de iepenbiering fan de minsklike oanwêzigens fan God yn de persoan Jezus Kristus bedoeld. Dêrby wurdt tocht oan de Berte fan Jezus út de jongfaam Marije, de ferearing fan de hoeders, de oanbidding fan de wizen oant de doop yn de Jordaan en it earste wûnder fan Jezus op de brulloft yn Kana (Jehannes 2:1-11).

Fanwegen it optreden fan Jezus by de brulloft fan Kana, dêr't Jezus foar it earst in wûnder die, wurdt dat feest krekt lykas de oanbidding as in "Keningsfeest" beskôge. Dy gedachte joech oan paus Pius XI de ynspiraasje om it tema yn 1925 ta in selsstannich feest op de roomske kalinder yn te fieren, it Kristus Keningfeest.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search