Underrjocht fan de Apostels

Underrjocht fan de Apostels
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun ±230 n.Kr.

It Underrjocht fan de Apostels (Latyn: Didascalia Apostolorum) is in ier kristlik traktaat dat heart ta it sjenre fan 'e tsjerkeregels. Yn 'e tekst sels wurdt útholden út dat er skreaun is troch de tolve oarspronklike apostels, en yn dat opsjoch is it besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel, mar moderne wittenskippers binne it deroer iens dat it eins gearstald is yn 'e trêde iuw, wierskynlik om it jier 230 hinne. Sadwaande kin it as pseudepigrafysk en apokryf beskôge wurde. It is dúdlik basearre op 'e eardere Didachê, ek wol it Underrjocht fan de Tolve Apostels neamd, dêr't it net mei betize wurde moat. De wiere auteur is ûnbekend, mar men is fan tinken dat it foar 't neist in biskop west hat, mooglik út Antiochië.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search