Wenen

Wenen
Wien
Polityk
Lân Eastenryk
Sifers
Ynwennertal 1.712.903 (2010)
Oerflak 414,89 km²
Befolkingsticht. 4235,2 / km²
Stêdekloft 2.419.000
Hichte 151(Lobau) – 542 m
Oar
Tiidsône CET (UTC+1)
Simmertiid CEST (UTC+2)
Koördinaten
Offisjele webside
(in) Wien.gv.at - Offisjele webside

Wenen (Dútsk: Wien) is de haadstêd fan Eastenryk en fan it Bundesland Wien. Der wenje likernôch 1,6 miljoen minsken en it is de grutste stêd en kultureel en polityk sintrum fan Eastenryk. De stêd is nei Berlyn en Hamburch de tredgrutste Dútsktalige stêd op 'e wrâld. Rivier de Donau streamt troch de stêd en leit mar 40 kilometer fan de Slowaakske haadstêd Bratislava ôf. Om de dielsteat Wenen hinne leit de dielsteat Neder-Eastenryk. Eleminten fan it Hillige Roomske Ryk en fan it Eastenryk-Hongaarske Keizerryk oppenearje har yn it sintrum fan de stêd. Wenen is ek tige bekend om de komponisten Beethoven, Mozart en Strauss dy't der wurke hawwe en stoarn binne. De Feriene Naasjes hawwe ferskate agintskippen yn de stêd.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search