Annandale

De lokaasje fan 'e eardere hearlikheid Annandale yn Skotlân.
Dizze side giet oer de eardere Skotske hearlikheid Annandale. Foar oare betsjuttings, sjoch: Annandale (betsjuttingsside).

Annandale (Ingelsk: Annandale, útspr.: ['ænənde:l], likernôch: "ennendeel"; Skotsk-Gaelysk: Srath Anann, útspr.: [sraθ 'anan], likernôch "sraz annan") is in delling en in eardere hearlikheid yn it súdwesten fan Skotlân. De krite leit binnen it moderne Skotske greefskip Dumfries en Galloway en is ferneamd nei de rivier de Annan. Annandale rint yn noard-súdrjochting troch de heuvels fan it Súdskotsk Berchlân, fan Annanhead Hill, by Moffat, yn it noarden, oant Annan, oan 'e kust fan 'e Solway Firth yn it suden. Oan 'e eastkant wurdt de delling omsletten troch de Moffat-heuvels en yn it westen troch de Lowther-heuvels. Yn 2009 waard de Annandalewei iepene, in 85 km lang kuierpaad dat de rin fan 'e rivier de Annan súdoan troch de delling folget fan it plak dêr't er ûntspringt yn 'e heuvels oant it plak dêr't er útmûnet yn 'e see.

Utsjoch oer de dobbe yn 'e heuvels dy't de Devil's Beef Tub neamd wurdt (fangt de sinne op dizze foto). Annanhead Hill, dêr't de rivier de Annan ûntspringt, is te sjen oan 'e rjochterkant, boppe de Devil's Beef Tub.

© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search