CIA | |
---|---|
flagge | embleem |
![]() |
![]() |
algemiene gegevens | |
namme folút | Central Intelligence Agency ("Sintraal Ynljochtinge-agintskip") |
ôfkoarting | CIA |
lân | ![]() |
haadkertier | Langley (Firginia) |
oprjochte | 1947 |
doel | garjen fan ynformaasje om utens; ynformaasje-analyze; útfieren fan taktyske operaasjes om utens |
sifers | |
wurknimmers | geheim (ûnoff. boarne: 21.575) |
beëdige leden | geheim |
jierliks budget | geheim (ûnoff. boarne: $14,7 miljard yn 2013) |
oar | |
webside | www.cia.gov |
De CIA folút: Central Intelligence Agency ("Sintraal Ynljochtinge-agintskip"), is in Amerikaanske oerheidstsjinst mei as wichtichste doelen om bûten de Amerikaanske lânsgrinzen ynljochtings te sammeljen dy't fan belang binne foar de feilichheid fan 'e Feriene Steaten, en om dy ynformaasje te analysearjen en op grûn dêrfan advizen út te bringen oan it Amerikaanske regear. Teffens hat dizze tsjinst it foech om op fersyk fan 'e Amerikaanske presidint yn it bûtenlân taktyske opreraasjes út te fieren. De CIA is ien fan 'e wichtichste en bekendste Amerikaanske feilichheidstsjinsten, en de iennichste dy't yn organisatoarysk opsjoch folslein ûnôfhinklik is en inkeld rapportearret oan 'e koördinator fan Nasjonale Ynljochtingen.
© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search