Filmsearje

Net te betiizjen mei in searjefilm.

In filmsearje, filmrige of filmfranchise is in rige byinoar hearrende films, dy't yn deselde wrâld spylje, en faak deselde haadpersoan(en) hawwe. It ferskil tusken in filmsearje en in tillefyzjesearje is dat by in tillefyzjesearje in yn 't foar fêststeand oantal ôfleverings makke wurdt foar in hiel tillefyzjeseizoen. By in filmsearje komme de dielen út yn 'e bioskoop (en net yn it foarste plak op 'e tillefyzje), en boppedat is der in tuskentiid tusken de dielen fan oer it algemien teminsten in jier en soms wol fiif jier of noch langer. As men poer sjocht nei bruto-opbringst yn Amerikaanske dollars, is de superheldefilmrige fan it Marvel Cinematic Universe de meast súksesfolle filmsearje aller tiden. As lykwols de opbringsten oanpast wurde oan 'e ynflaasje, is de Star Wars-rige it meast súksesfol.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search