Moluntha

Moluntha
persoanlike bysûnderheden
echte namme Moluntha of Malunthy
nasjonaliteit Sjâny
berne ±1692
berteplak besuden de Grutte Marren
stoarn novimber 1786
stjerplak yn Ohio
etnisiteit Sjâny
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan 'e Sjâny
jierren aktyf ±17201786

Moluntha of Malunthy (yn it gebiet besuden de Grutte Marren, ±1692 – yn Ohio, novimber 1786) wie in opperhaad fan 'e Sjâny (Shawnee), in Yndiaansk folk út it gebiet fan 'e Grutte Marren fan Noard-Amearika. Hy late de Sjâny nei de dea fan Maïsstâle en wie troud mei dy syn suster Nonhelema. Hy waard fermoarde troch in Amerikaanske legerofsier.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search