Tofet

In stêle op de tofet fan Kartago

Mei tofet (Hebriuwsk: תוֹפֶת‎; Gryksk: Ταφέθ; Latyn: Topheth) wurdt yn de Hebriuwske Bibel in plak yn Jeruzalim yn de Gehenna bedoeld dêr't oanbidders fan de goaden Baäl en Moloch yn de âlde Kanaänityske religy bern offeren troch se libben te ferbaarnen.

De Hinnomdelling (Gehenna) besuden Jeruzalim waard troch de fromme Joaden as in ferflokt plak beskôge en kaam sadwaande meitiid bekend te stean as in bestimming foar kweaminsken en as in synonym foar de hel. Yn it kristendom waard it wurd tofet in synonym foar hel.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search