1 results found for: “Latin_Americans”.

Request time (Page generated in 0.2414 seconds.)

Redbone (band)

(basgitaar en sjonger) en Lolly Vegas (gitaar en sjonger), twa Native Americans. Redbone tekene yn 1969 in kontrakt mei it Epic-label en waard begjin...

Last Update: 2022-05-23T13:45:26Z Word Count : 356

View Rich Text Page View Plain Text Page

Main result

Redbone (band)

Redbone is in Amerikaanske popgroep út de jierren santich fan de 20e iuw dy't ynternasjonaal súkses hie. De groep waard yn 1969 yn Los Angeles oprjochte troch de bruorren Pat Vegas (basgitaar en sjonger) en Lolly Vegas (gitaar en sjonger), twa Native Americans. Redbone tekene yn 1969 in kontrakt mei it Epic-label en waard begjin 1971 bekend mei de single Maggie. Oare hits, mei it measte súkses bûten De Feriene Steaten, wiene: The Witch Queen Of New Orleans (1971), We Were All Wounded At Wounded Knee (1973; skreaun nei oanlieding fan de besetting fan Wounded Knee) en Come and Get Your Love (1974). Dy lêste helle dat jier de Top 5 fan de Amerikaanske Billboard Hot 100. De groep is noch altyd aktyf, mei Pat Vegas as iennich oarspronklik lid. Peter DePoe waard yn 1973 ferfongen troch Butch Rillera, dy't al yn 1975 by de groep weigie. Lolly Vegas ferliet de groep yn 1995 nei in beroerte († 4 maart 2010, 70 jier); justjes letter ferliet ek Tony Bellamy († 25 desimber 2009) de groep.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search